Plysje siket reade Polo fanwegen mooglike stellerij

Plysje © ANP XTRA
De plysje Drachten siket de ynsittenden fan in reade VW Polo, yn ferbân mei mooglike stellerij fan koper yn De Tike. Yn de auto sitte twa mannen, ien fan har hat in petsje op. Op it kenteken stiet nei alle gedachten de kombinaasje RS NF. De auto is út De Tike wei fuortriden yn de rjochting fan Eastermar. Wa't de auto sjocht, kin de plysje belje.