Vredeman de Vriespriis nei Villa Juliana yn Ljouwert

06 des 2014 - 14:48

De Vredeman de Vriespriis giet nei Villa Juliana yn Ljouwert. Dit monumintale hearehûs út 1908 oan de Noardersingel is opknapt, ferboud en útwreide nei in ûntwerp fan Borren Staalenhoef Architecten BV en BNA projectarchitect Jacob Borren út Ljouwert. De sjuery wie unanym.

Deputearre Jannewietske de Vries rikte de provinsjale priis, in sjek fan 5.000 euro en in oarkonde, sneon út. De priis is it iene jier foar arsjitektuer en it oare jier foar foarmjouwing. Der wienen dit jier 14 projekten, fiif dêrfan wienen nominearre.

De oare nominearren wienen: Fries Museum, Noorderhof Uitvaartcentrum, in wenhûs yn Bontebok en in wenpleats yn Drylts.

De publykspriis giet nei VNL Architecten út Grou. Se bouden tsien sosjale hierhuzen foar âlderein yn Sint-Anne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)