Buske fêst yn fiadukt by De Rottefalle
Yn it fiadukt ûnder de N31 by De Rottefalle is sneontemoarn in bestelbus fêst komme te sitten. De bestjoerder hie de hichte ferkeard rûsd. De bus siet troch de klap goed fêst en moast der troch in berger út helle wurde. De bestjoerder kaam mei de skrik frij, de dak fan it buske rekke skansearre.