De Friesland: plan takomstbestindige soarch te faach

Soarchfersekerder De Friesland fynt it plan foar takomstbestindige soarch yn Noardeast-Fryslân te faach. Bestjoersfoarsitter Diana Monissen wol dêrom har hantekening der -noch- net ûnder sette.
De gemeenten yn de regio kamen freed mei in "statement", yn Noardeast-Fryslân moat in proef komme foar in nije soarchstruktuer, dy't yn it plak komme moat foar it fallite sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Monissen fynt it idee sympatyk, mar seit ek dat der ynhâldlik èn finansjeel noch tefolle ûndúdlikheden yn sitte.