Harnzer bellet 112 withoefaak

© Omrop Fryslân, Douwe Boersma
Yn Harns hat de plysje freedtejûn in 48-jierrige Harnzer oanhâlden om't er hiel faak ûnnedich 112 belle. Mei twa ferskillende nûmers belle er nei de meldkeamers fan Noard-Nederlân en Driebergen. Hy frege nei plysje, ambulânse en brânwacht. Hy fertelde in betize ferhaal. De plysje koe it adres fan de man achterhelje en hâlde him oan. Hy is meinaam foar ferfoar en de twa telefoans binne yn beslach naam.