F-16's meitsje al 1000 fleanoeren by de missy yn Irak

F16 Falcon Fleanbasis Ljouwert © ANP
De F-16's fan ûnder oare de Ljouwerter fleanbasis hawwe yn Irak de 1000 fleanoeren helle. Koartlyn waard de 100e bom goaid. De Nederlânske F-16's binne beskikber steld foar loftoanfallen yn Irak. Dêrmei draacht definsje by oan de ynternasjonale striid tsjin de terroristyske organisaasje ISIS yn Irak. It giet om seis F-16's, twa reservetastellen en 250 militêren.