Brûns foar de manlju op ploege-achterfolging yn Berlyn
De Nederlânske manlju hawwe freed yn Berlyn by de wrâldbekerwedstriden brûns wûn by de ploege-achterfolging. Nederlân stie mei in gelegenheidsteam oan de start mei Douwe de Vries, Arjan Stroetinga en Frank Vreugdenhil. De winst gie nei Poalen, it twadde plak wie foar Súd-Koreä.