Wenwinkels hawwe djiptepunt hân

De wenwinkels hawwe it djiptepunt hân. Ut in ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) docht bliken dat der yn fergeliking mei ôfrûne jier wer mear omset helle is. Dat hat te krijen mei de wenningmerk, dy't wer oanlûkt.
By it Wooncentrum yn Dokkum hawwe se de wei omheech ek wer fûn. Eigener Jentsje van der Molen stie yn it ferline allinne yn 'e saak. In healjier lyn moast Van der Molen wol personiel oannimme, om't er it allinnich net mear oan koe.