Frjentsjerteradiel privatisearret sporthal De Trije

05 des 2014 - 17:02

De gemeente Frjentsjerteradiel is akkoart mei de privatisearring fan sporthal De Trije yn Frjenstjer. Tongersdei waard mei Optisport in eksploitaasje- en hieroerienkomst tekene. De gemeente bliuwt lykwols eigener fan de sporthal. Neffens wethâlder Thiadrik Twerda is it wichtich om it behear fan de sporthal út te besteegjen om't it behear fan De Trije hieltiid djoerder wurdt.

Optisport hat swimbaden en sporthallen yn behear yn ûnder oare Harns, Boalsert, Snits, Bûtenpost en Dokkum. De oerienkomst is foarearst foar tsien jier.

Trefwurden: 
sporthal De Trije Optisport
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)