Ynvestearder foar âldereinsoarch Ternaard

De Spiker yn Ternaard © Omrop Fryslân, Alle Faber
In partikuliere ynvestearder hat him melden by de wurkgroep dy't de âldereinsoarch fan De Spiker yn Ternaard oerein hâlde wol. De wurkgroep hopet dat dit de realisaasje fan de plannen om de soarch yn Ternaard oerein te hâlden tichteby bringt.
De nije soarchgroep Idesta hat oanjûn de âldereinsoarch yn Ternaard, Feanwâlden en op It Amelân oernimme te wollen. Foar de eksploitaasje fan de gebouwen is in ynvestearder nedich. Oft de wurkgroep sa de soarch yn Ternaard rêden hat hinget ôf fan it ûndersyk fan de kuratoaren.