CDA: Swiere yndustry yn Harns ûndersykje

De haven fan Harns © Omrop Fryslân
It CDA yn Harns wol ûndersykje oft it mooglik is om de festiging fan swiere yndustry ta te stean. De partij ûndersiket oft der polityk draachflak is foar sa'n diskusje. As de bestimming fan it yndustryterrein feroaret kin ek swierdere yndustry te plak en dat kin posityf wêze foar de wurkgelegenheid.
Op dit stuit binne bedriuwen as in skipswerf of sloopwerf net tastien. It CDA wol lykwols net alles tastean: in nije oerfal lykas by de festiging fan de reststoffe-enerzjysintrale fan Omrin wol it CDA net wer meimeitsje.