Oebele Schokker mooglik werom nei Harkemase Boys

Oebele Schokker ferlit SC Cambuur yn de winterstop. Hy giet nei alle gedachten werom nei Harkemase Boys, dêr't er earder ek spile. De middenfjilder komt by Cambuur net oan spyljen ta en joech in pear wike lyn al oan dat er him op syn takomst beriedt. Freed makke Cambuur bekend dat Schokker fuortgiet. Oan it begjiin fan dit jier waard Schokker noch oan FC Emmen ferhierd, omdat er doe ek al gjin spylminuten krige yn Ljouwert. Nei de simmer kaam hy werom by Cambuur, mar krige nea in basisplak.
Oebele Schokker spile tusken 2007 en 2011 ek al by Harkemase Boys.