Schurer tinkt oan fersterking Aris

Der binne op dit stuit grutte problemen by de Ljouwerter basketbalklup Aris, mar der is gjin sprake fan panyk. Dat seit manager Gert Schurer. Woansdei waard ferlern fan de nûmer lêst, Amsterdam, en tongersdei waard bekend dat it kontrakt mei spiler Jesse Markusse opsein wurdt. Markusse hat net brocht wat der fan him ferwachte waard, seit Schurer. Fierder is Miles Jackson-Cartwright net ynsetber nei in polsoperaasje.
It liket Schurer ferstannich om foar Markusse in ferfanger oan te lûken.