Nij EFRO-programma: 103 miljoen foar it Noarden

05 des 2014 - 12:24

De nije Europeeske Kommisje stelt 103 miljoen euro beskikber foar it ynnovearjen fan it midden- en lytsbedriuw yn Fryslân, Grinslân en Drinte. It jild komt út it Europeesk Fûns foar Regionale Untwikkeling EFRO. Sa'n 600 middelgrutte bedriuwen moatte fan de subsydzje profitearje kinne.

De provinsjes Seelân, Noard-Brabân en Limboarch krije 113 miljoen euro oan Europeesk jild. No moandei is yn it provinsjehûs in 'Europa-dei' om gadingmakkers te ynformearjen oer de nije Europeeske programma's.

Trefwurden: 
EFRO Europeeske subsydzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)