70 banen fuort by Meriant âldereinsoarch

Aldereinsoarch Meriant op It Hearrenfean en yn Wolvegea moat 3,5 miljoen euro yn 't jier besunigje. Der ferdwine 130 banen foar minsken mei in lege oplieding, mar der komme ek 66 banen by foar minsken mei in hegere oplieding. Dy besunigings hawwe te krijen mei de feroarings yn de soarch.
Meriant wurdt mei 7,5% koarte en minsken bliuwe hieltyd lange selsstannich wenjen, fertelt Wilfred Juurlink fan soarchgroep Alliade, dêr't Meriant ûnderdiel fan is.
Meriant is fan doel om ek te ynvestearjen yn nijbou. Dat is nedich omdat de soarch lytsskaliger wurdt en de easken feroarje. As it goed is hat Alliade de boel mei dizze besuniging op oarder oant 2015/2016. Hoe't it dêrnei komt hinget ôf fan de oanbestegings by de belutsen gemeenten.