Dongeradiel wol pilot 'takomstbestindige soarch'

Der moat yn Noardeast-Fryslân in proef komme foar in takomstbestindige soarchstruktuer. Dy soe yn it plak komme moatte fan it ferline wike fallyt ferklearre sikehûs De Sionsberg. Dat stiet yn in 'statement' dat opsteld is troch in tal gemeenten út Noardeast-Fryslân.
De alternative soarchstruktuer moat passe by de soarchfraach yn Noardeast-Fryslân, stelle de partijen. Boppedat moat dy betelber en berikber wêze. Dêrby heart in lytsskalich sikehûs foar minder komplekse soarch.
Allinnich de ynset fan húsdokters, mei sprekoeren fan spesjalisten yn in polyklinyk, is gjin alternatyf foar it fuortfallen fan in lyts sikehûs, fine de opstellers fan it statement. In noch út te fieren ûndersyk troch Zorgbelang Fryslân moat útwize wêr't de befolking fan Noardeast-Fryslân krekt ferlet fan hat. Wethâlder Sicco Boorsma fan Dongeradiel is fan betinken dat it ridlik is om fan it Ryk 'in beskikberheidstaslach' te freegjen foar it ûntwikkeljen fan dit nije type sikehûs foar perifere gebieten. Nije wike woansdei praat de Twadde Keamer oer de situaasje fan kwetsbere streeksikehuzen nei oanlieding fan it fallisemint fan De Sionsberg.