Plysje hâldt fjirtjin Hearrenfean-supporters oan

© Omrop Fryslân
De plysje hat de ôfrûne wike 14 fuotbalsupporters oanhâlden foar wangedrach nei ôfrin fan de wedstriid Hearrenfean-Cambuur op 19 oktober. De fjirtjin oanhâlden manlju binne tusken de 18 en 24 jier âld, supporter fan SC Hearrenfean en komme fan It Hearrenfean en omjouwing.
De manlju wurde der fan fertocht dat se de konfrontaasje sochten mei Cambuur-supporters. Om tichteby de Cambuurfans te kommen besochten sy as groep in hikke om te smiten. De plysje koe troch de ynset fan de Mobile Ienheid foarkomme dat it ta in konfrontaasje kaam.
Ek plysjes op it hynder waarden ynset om de twa supportersgroepen útinoar te hâlden. By it ynsidint waard ek troch ferskate fertochten tsjin de plysjebus trape. Nei it bestudearjen fan kamerabylden en troch werkenning troch aginten hat de plysje achterhelle wa't mandelich wiene oan it wangedrach. Dat hat dizze wike ta de 14 oanhâldings laat. Alle fertochten binne wer fuortstjoerd neidat se heard binne. Tsjin harren wurdt proses-ferbaal opmakke.