Plysje hellet losrinnend skiep fan Wâldwei

05 des 2014 - 09:58

De plysje hat freedtemoarn in losrinnend skiep fan de Wâldwei by Garyp helle. Auto's koene it bist mar krekt ûntwike. Neidat plysjes it skiep fongen hiene, hawwe se it werom brocht nei it stik lân dêr't it bist thús heart.

It is al de tredde kear yn in wike tiid dat der skiep losrinne op in autodyk yn Fryslân. Sneintejûn rûnen der by de rotonde by De Jouwer oant twa kear ta skiep los op de A7.

Trefwurden: 
plysje Wâldwei skiep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)