Sven Kramer kritysk oer Sportgala

© ANP
Reedrider Sven Kramer is kritysk oer it Sportgala. It is te folle in populêrenspriis wurden dy't basearre is op in gunfaktor, sa seit Kramer yn syn kollum yn De Telegraaf. It giet dêrtroch neffens him te min oer de prestaasjes en te folle oer persoanlike foarkar. Dêrtroch komme fuotballers en reedriders der faak bekaaid út om't minsken tinke dat se it al te goed ha en in soad jild fertsjinje.
Kramer jout oan dat it Gala wat him oanbelanget wol ophâlde kin.