Brigitte Kaandorp nimt grutte seal fan De Lawei yn gebrûk

Yn teater De Lawei yn Drachten is tongersdeitejûn de ferboude grutte seal offisjeel yn gebrûk naam. Dat barde mei in foarstelling fan kabaretjêre Brigitte Kaandorp. Direkteur Stef Avezaat is tige bliid mei dizze mylpeal, ek al moat der de kommende moannen noch in hiel protte oan it gebou gebeure. De ferbouwing sil ôfmakke wurde troch ien fan de beide bouwers Dijkstra Draisma en Friso.
Takom moandei of tiisdei moat bekend wurde welk bedriuw it wurdt. Avezaat hopet dat de hiele ferbouwing yn april klear wêze sil.