Undersyk nei plak bûnsburo keatsbûn KNKB

04 des 2014 - 22:31
  • KNKB

Der komt in ûndersyk nei it plak wêr't yn de takomst it bûnsburo fan it keatsbûn KNKB komme moat. Dat siet altyd yn Frjentsjer, mar ferhuze in oantal jierren ferlyn nei It Hearrenfean. It keatsbûn fûn dêr plak by it fuotbalbûn.

De hier rint yn juny takom jier ôf en boppedat ferhuzet it fuotbalbûn (KNVB) yn de takomst nei Swol. Tsien keatsferienings pleiten tongersdeitejûn foar in ûndersyk nei it takomstige plak fan it bûnsburo fan it KNKB. Dat ûndersyk komt der. It KNKB tinkt dat It Hearrenfean noch altyd it bêste plak is foar it keatsbûn.

Der is lykwols ek in grutte groep minsken dy't fynt dat it bûnsburo fan de KNKB wer werom moat nei Frjentsjer, it "keatsmekka' fan Fryslân. In wurkgroep sil no oan de slach om de ferskate opsjes te ûndersykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)