Online feiling fan auto's en bussen fan taksybedriuw Oenema

04 des 2014 - 21:57

Fan de goed 90 wurknimmers fan it fallite taksybedriuw Oenema fan It Hearrenfean binne sa'n 40 minsken wer oan it wurk. It grutste part by taksybedriuw Witteveen dat Oenema oernaam hat. Dat seit in wurdfierder fan kurator Robert Verdonk. Oenema waard yn oktober fallyt ferklearre.

De kommende dagen wurde de lêste 30 auto's en bussen fan Oenema online feild. Tongersdei hiene keapers de gelegenheid om de auto's te besjen. De âld-eigeners fan Oenema hawwe gjin plannen om wer yn de ferfiersbrânzje aktyf te wurden, seit Remco Oenema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)