'Finansjele problemen ûnder Ljouwerters oanpakke'

04 des 2014 - 21:27
  • Jild

Ljouwert wol tenei earder yngripe as ynwenners fan de gemeente yn de skulden reitsje. Dêrom ha se as earste Fryske gemeente in konvenant mei de namme 'Iedereen financieel fit!' tekene. Yn gearwurking mei nutsbedriuwen en wenningkorporaasjes sil besocht wurde minsken dy't de rekkens net mear betelje kinne earder te helpen.

Ljouwert hat sjoen nei Amsterdam der't de skuldeproblematyk fan ynwenners ek op dy wize oanpakt wurdt. Under oare WoonFriesland, Elkien, Essent, Vitens en soarchfersekerder De Friesland hawwe it konvenant ûndertekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)