Online jongereinstjoerder Froeks.TV hâldt der mei op

04 des 2014 - 21:13

De Fryske online jongereinstjoerder Froeks.TV fan Omrop Fryslân hâldt der op 1 febrewaris 2015 mei op. It Friesland College, de NHL en Omrop Fryslân namen yn desimber 2013 de jongereinstjoerder yn gearwurkingsferbân fan twa Ljouwerter kommunikaasjeburo's oer.

Nei in jier konkludearje de trije partijen dat de doelstellings net behelle binne. Neffens direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân is in wichtich doel om de Fryske jongerein tusken de 12 en 20 jier te berikken net behelle. Omrop Fryslân tinkt noch nei oer in mooglik ferfolch.

Koster seit dat der by Froeks net genôch kontinuïteit wie, om't der twa kear yn it jier wer nije studinten de redaksje fan Froeks.TV besette. It tal besikers op de online nijsstjoerder foel ek ôf, seit Gert Flikkema fan de NHL. Hy seit dat de ambysjes fan Froeks.TV heech binne en dat dy mei de beskikbere finansjele middels dreech út te fieren binne.

Koster set grutte fraachtekens by de takomst fan Froeks.TV. Flikkema hopet op in trochstart mei bygelyks nije partners, om't de praktykûnderfining wichtich is foar Fryske mediastudinten.

Froeks.TV bestiet sûnt 2007. De stjoerder kaam as bêste út de bus by in priisfraach fan de provinsje om it gebrûk fan de Fryske taal ûnder jongerein te stimulearjen. Froeks.TV krige in subsydzje fan trije jier. Dêrnei is de eksploitaasje oernaam troch it Friesland College.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)