Aris nimt ôfskie fan senter Jesse Markusse

04 des 2014 - 20:39
  • Jesse Markusse

Basketklup Aris yn Ljouwert nimt ôfskie fan de 22-jierrige senter Jesse Markusse. Dat hat de klup tongersdei besletten. Markusse wie dwaande mei syn twadde seizoen by Aris. Oanlieding foar it ôfskie is it ferlies fan Aris woansdeitejûn mei 97-89 tsjin Amsterdam. Dy klup stiet lêste en hie nei njoggen wedstriden noch gjin inkele wedstriid wûn.

Dat Aris der in potsje fan makke yn it eigen Kealledykje soarge foar in soad kommoasje. Sawol coach Tom Simpson as Aris-spiler Tjoe de Paula wienen bot teloarsteld oer it optreden fan harren klup.

Neffens Simpson en De Paula beseffe guon spilers net dat it basketbaljen in profesjonele hâlding fereasket. Beide manlju wienen dan ek fan miening dat der maatregels naam wurde moasten. Foar safier bekend binne der noch gjin oare spilers dy't út it team set wurde. Markusse hat de frijheid om by oare klups te sollistearjen. Aris sjocht de kommende tiid út nei in ferfangende spiler.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)