Fryske fuotbalstadions net ynset by EK frouljusfuotbal 2017

04 des 2014 - 18:14

Der is gjin rol weilein foar Fryske fuotbalstadions by it EK frouljusfuotbal yn 2017. Tongersdeimiddei makke de UEFA bekend dat it EK fan 16 july oant en mei 6 augustus 2017 yn Nederlân holden wurde sil. It is gjin ferrassing dat Nederlân oanwiisd wurdt as organisator. Der wienen gjin oare lannen dy't harren oanmeld hienen.

Twa Fryske fuotbalsters spylje op it stuit op Europeesk nivo. Dat binne Sherida Spitse fan Snits en keepster Loes Geurts fan Hichtum.

Oan it EK frouljusfuotbal dogge sechstjin lannen mei. De wedstriden wurde spile yn de fuotbalstadions fan Breda, Deventer, Doetinchem, Enschede, Rotterdam, Tilburg en Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)