Jild foar doarpshûs De Haule

04 des 2014 - 13:58

Doarpshûs De Mande yn De Haule krijt in bydrage fan 1500 euro fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. It jild sil brûkt wurde foar it keapjen fan nije audio-apparatuer. It doarpshûs wurdt op it stuit ferboud. It wurdt duorsumer en breder ynsetber foar bygelyks toanielfoarstellings en eveneminten.

De hiele ferbouwing kostet mei-inoar 250.000 euro. De gemeente Eaststellingwerf en de provinsje hawwe al subsydzjes tasein, lykas allerhande fûnsen.

Trefwurden: 
doarpshûs stipe De Haule
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)