Modelspoarmuseum sil gearwurkje mei De Friese Poort

04 des 2014 - 13:39

It modelspoarmuseum yn Snits sil gearwurkje mei ROC De Friese Poort. Dat is tongersdei yn it museum bekend makke. It giet om ferskate opliedings fan de skoalle dy't mei it museum oparbeidzje sille.

De studinten fan De Friese Poort sille harren benammen dwaande hâlde mei de marketing en promoasje fan it museum, dat no sa'n 15.000 besikers it jier lûkt. De studinten wolle it museum aktyf promoatsje op de sosjale media en mei in app, dy't in besite oan it museum spannender meitsje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)