Plomfeebedriuwen hawwe it noch dreech

De oanpassing fan fûgelgrypmaatregels lost noch lang net alle problemen op. Nederlân is yn kompartiminten ferdield en foar elts kompartimint jilde wer oare regels. Yn Fryslân meie bisten en dong wer ferfierd wurde, mar dochs bliuwe problemen bestean. Dong kin net goed ôffierd wurde, omdat it foaral by in bedriuw yn Moerdijk ferwurke wurdt en dat leit yn in oar kompartimint, dat op slot sit.
Bedriuwen dy't al in pear wiken sûnder plomfee sitte ha net fuort nije piken, om't de bisten dy't eins komme soene ferneatige binne.
No is it wachtsjen op it útkommen fan nije aaien en dat kin noch wol trije wike duorje.