Ynbrekker túnsintrum op 'e die betrape

04 des 2014 - 11:10
  • Ynbraak

In ynbrekker (37) út Burgum is woansdeitejûn op 'e die trapearre yn in túnsintrum oan de Slachtedyk yn Hurdegaryp. De eigener trapearre de man en warskôge de plysje. Doe't se de ynbrekker sochten krige de eigener de man te pakken. De ynbrekker woe ôfsette mei in bedriuwsauto en wist nei wat slaanderij út te naaien. Dêrby bedrige hy de eigener mei de dea.

De ynbrekker waard nei in koarte efterfolging troch de plysje pakt. De man hie ynbrekkersark by him.

Nei alle gedachten hie hy in auto op it terrein al iepenbrutsen. De man sit fêst.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)