Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Dea 4.4

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 4 fan ôflevering 4.
Lionel tutet Denise. It is in jier lyn dat Denise har mem ferstoar. Denise har heit hat klappen krigen op it stedhûs.