Helptsjinsten rukke út foar 'nepdeade'

© ANP
Plysje en brânwacht yn Ljouwert binne tongersdeitemoarn manmachtich útrukt foar in melding dat der in deade yn it wetter by de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert driuwe soe. Lang om let die bliken dat it om in pop gie. In tsjûge hie de helptsjinsten alarmearre, doe't hy in pakket driuwen seach, dêr't skuon út stutsen.
De plysje ûndersiket noch oft de pop mei opsetsin yn it wetter smiten is.