Muzyksintrum Schaaf wol dokuminten beslútfoarming sjen

Muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert hat in saneamd WOB-fersyk yntsjinne by de gemeente. Mei it opfreegjen fan de dokumintaasje oer de fyzje en it belied oer de posysje fan Zalen Schaaf wol festivalorganisator Bianca Wijnsma antwurden krije op fragen dy't neffens har oant no ta net beantwurde binne. De gemeente wol konserten yn Muzyksintrum Schaaf oan bannen lizze om't der sprake wêze soe fan lûdsoerlêst.
Wijnsma tinkt dat de gemeente Schaaf stikken meitsje wol om konkurrinsje mei it nije Poppoadium foar te kommen.