"Konst moat nochris goed sjen nei wynmûnen op Ofslútdyk"

03 des 2014 - 21:48
  • Doarpsmûne

Deputearre Hans Konst moat nochris mei minister Kamp prate oer wynmûnen op de Ofslútdyk. Neffens Kamp kin dat net, mar in mearderheid yn de steaten wol dat wol. Dat die woansdei bliken by de wynmûnediskusje yn de steaten. It CDA en de PvdA wolle mûnen op of by de Ofslútdyk lâns. As de FNP dêr ek foar kiest is der in mearderheid foar dit plan.

Konst sels sjocht lykwols neat yn in opstelling fan wynmûnen op de Ofslútdyk, omdat dy net de ferplichte 530 megawatt leverje kinne.

De steaten moatte op 17 desimber in beslút nimme, mar de polityk is it noch lang net mei-inoar iens. De ChristenUnie wol bygelyks yn de Iselmar en op it lân wynmûnen sette. De FNP wol gjin nije mûnen mear op it lân, wylst de measte partijen de doarpen krekt wol de kâns jaan wolle om in eigen mûne te pleatsen. En de VVD wol hielendal gjin mûnen mear yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)