Boargemaster Waanders wiis mei plan trochstart De Sionsberg

03 des 2014 - 20:54

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel is wiis mei it inisjatyf fan de spesjalisten om sikehûs De Sionsberg yn Dokkum as lytser sikehûs iepen te hâlden. De medyske stêf sil it plan foar de trochstart nije wike presintearje. Yn it plan stiet dat De Sionsberg as folweardich sikehûs bestean bliuwe kin, mar bygelyks wol bêden ynleverje moat. Fan de 60 opnameplakken bliuwt minder as de helte oer.

Woansdei waard bekend makke dat De Sionsberg foarearst wer iepen is. Der wurdt lykwols net operearre en ek wurde der gjin pasjinten opnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)