25 nije banen by kofjebrâner UCC yn Boalsert

It fabryk fan kofjebrâner UCC Coffee Benelux BV stiet al yn Boalsert, mar no komme ek de direksje en de administraasje nei Boalsert. De lokaasje yn Den Bosch giet nammentlik ticht. De meiwurkers út Brabân wolle of kinne net nei it noarden ferhúzje en dus binne der sa'n 25 fakatueres yn Boalsert.
UCC is ûnderdiel fan in Japanske kofjebrâner en stiet wat de produksje oanbelanget op it fyfde plak fan de wrâld. Yn Boalsert rôlje elk jier mear as 100 miljoen pakken kofje fan de bân. Dêrmei heart it Fryske fabryk ta de grutste fan Europa.
Ynkoarten wurkje der sa'n 250 meiwurkers by UCC yn Boalsert.