Kurator De Sionsberg foarsichtich posityf oer trochstrart

03 des 2014 - 17:51

Kurator Hans Silvius is foarsichtich posityf oer de takomst fan sikehûs De Sionsberg. Woansdei waard bekend dat it sikehûs wer iepen is. Moandei en tiisdei koene de pasjinten net mear te plak yn it sikehûs, mar fan woansdei ôf is de polyklinyk wer iepen.

Der binne wol beheinings. Sa bliuwe de operaasjekeamers ticht. Der meie eins allinnich petearen fierd wurde mei pasjinten. En dan ek nochris allinnich mei de pasjinten dy't al in ôfspraak hiene yn it sikehûs. Fierder wurde der röntgenfoto's makke en kin der bloed prikt wurde.

Ek tongersdei en freed kinne de pasjinten terjochte yn it sikehûs. Sa't it no liket kinne dizze wurksumheden ek nije wike trochgean. Oan de ein fan de wike ferwachtet de kurator mear dúdlikens te jaan oer de takomst fan it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)