Ralf Buiter lokaasjedirekteur Singelland Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Ralf Buiter út it Grinzer Marum is de nije lokaasjedirekteur fan skoalmienskip Singelland yn Surhústerfean. De 36-jierrige Buiter wurket sûnt 2000 by de skoalle en is sûnt 2005 teamlieder. Mei syn beneaming ta lokaasjedirekteur wurdt Buiter nei alle gedachten ek de direkteur fan de gearwurkingslokaasje, wannear't de bestjoerlike gearwurking tusken Singelland en it Lauwers College Surhústerfean in feit is.