Hantekenings tsjin wynmûnen yn Harns

03 des 2014 - 15:51

De Stichting MegaWindmolensNEE hat woansdei yn Harns 3.000 hantekenings en in rapport oerlange oan boargemaster Sluiter en wethâlder Le Roy fan Harns. It rapport toant oan dat yn it einrapport 'Fryslan foar de Wyn' fan Pieter Winsemius ûnwierheden steane. De hantekenings binne yn twa wiken sammele om de pleatsing fan wynmûnen yn de gemeente Harns tsjin te gean. Neffens boargemaster Sluiter is de Ofslútdyk in goede lokaasje foar de wynmûnen.

Tongersdei wurde de hantekenings oerlange oan deputearre Hans Konst.

Provinsjale Steaten beslút op 17 desimber oer de wynmûnen. In kommisje praat woansdei yn it provinsjehûs oer it advys dat deputearre Konst fan Fryslân foar de Wyn krigen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)