Brigitte Kaandorp iepenet grutte seal De Lawei

03 des 2014 - 15:25

Brigitte Kaandorp mei tongersdei as earste artyste yn de fernijde grutte seal fan skouboarch De Lawei yn Drachten spylje. Se sil de seal mei direkteur Stef Avezaat feestlik iepenje. Mei it earste optreden fiert De Lawei dat der nei moannen fan opskuor rûnom de ferbouwing, einliks wer foarstellings yn de eigen grutte seal hâlden wurde kinne.

In skeel tusken de skouboarch en oannimmer Van Norel soarge de ôfrûne tiid foar in boustop. Dêrtroch moasten foarstellings de ôfrûne moannen twongen ferhúzje nei in grutte tinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)