GrienLinks pleitet foar sintrale fjoerwurken

© ANP
GrienLinks yn Weststellingwerf komt mei in petysje foar feiliger fjoerwurk. De partij pleitet dêryn foar it organisearjen fan sintrale fjoerwurken yn doarpen. Ek soe it ferbod op it ôfstekken fan fjoerwurk bûten de tastiene oeren better kontroleard wurde moatte.
It idee achter de petysje is dat der minder fjoerwurkslachtoffers falle. De petysje fan GrienLinks Weststellingwerf kin ûnder oare tekene wurde op de webside fan de partij.