Prestaasjefuotbal op snein by SC Franeker behâlde

03 des 2014 - 13:21

It prestaasjefuotbal op snein by SC Franeker moat behâlden wurde. Dêr is in wurkgroep foar yn it libben roppen. It bestjoer fan de fuotbalklup makke sneon dúdlik dat se de stekker út it earste alvetal fan de sneinsôfdieling helje wolle. Foar rekreatyf fuotbal op snein is noch wol plak.

It bestjoer fan de fuotbalklup ljochtet tongersdei yn in ynformaasjebyienkomst it beslút ta. Neffens de wurkgroep is der wol deeglik draachflak foar prestaasjefuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)