Winsemius: wynmûnepark Ofslútdyk net helber

03 des 2014 - 12:51

In wynmûnepark by de Ofslútdyk is net realistysk en net helber. Dat seit Pieter Winsemius, âld-minister en ien fan de krêften achter de plannen fan 'Fryslân foar de wyn'. Neffens him slagget it net om op dat plak foar 2020 wynmûnen pleatst te krijen. Ek past it net yn it belied fan it Ryk. Hy fynt dat de Fryske polityk himsels serieus nimme moat.

Dat betsjut dat in beslút naam wurde moat dat realistysk is en foldocht oan de ôfspraak mei de minister. Dy opdracht is om yn Fryslân 530 megawatt oan wynenerzjy op te wekken.

Lâns de Ofslútdyk slagget dat net en moat ek op oare plakken socht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)