Petear oer hoareka-konvenant

03 des 2014 - 11:21

Koninklijke Horeca Nederland en de boargemasters fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel prate tongersdei oer it nije hoareka-konvenant. Undernimmers yn beide gemeenten wolle dat net tekenje. Yn it konvenant wurdt in kursus ferplicht steld oer de omgang mei alkohol en drugs, mar neffens de ûndernimmers ha se genôch kennis op dat mêd.

Neffens Jan Adema, foarsitter fan de ôfdieling Midden-Friesland fan de KHN, is der noch wol wat te skowen yn it nije hoareka-konvenant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)