Orizjineel Roodbaard-ûntwerp nei Tresoar

Orizjineel Roodbaard-ûntwerp nei Tresoar © Tresoar
Tresoar yn Ljouwert hat in orizjineel ûntwerp fan Roodbaard krigen. It giet om in ûntwerp dat de ferneamde arsjitekt foar in tún yn Kollum makke hat. De tún waard yn de jierren 1828-1838 oanlein achter it hûs oan de Foarstrjitte fan de doetiidske apteker Riedel. De tún is net bewarre bleaun.
It komt net faak foar dat noch orizjinele tekeningen fan in útfierde tún fan Roodbaard fûn wurde.