Fryske útfining: fleksibele ynpakmasine

03 des 2014 - 11:05
  • Ynpakmasine by Lasaulec
  • Ynpakmasine by Lasaulec
  • Ynpakmasine by Lasaulec

Ynpakbedriuw Neopost yn Drachten hat in ynpakmasine ûntwikkele. De masine scant de ôfmjittings fan elke oarder en snijt in doaze op in sa lyts mooglike maat. Dizze doaze wurdt dêrnei om de oarder hinne teard, tichtplakt en mei in label klear makke om te ferstjoeren. De masine is fleksibel as it giet om foarm, ôfmjittings en it tal produkten dat yn ien doaze ferstjoerd wurde moat. Yn in oere wurde 500 pakjes klearmakke foar ferstjoeren.

De masine stiet op mar twa plakken yn Nederlân: yn Brabân by Bol.com en op It Hearrenfean by Lasaulec.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)