Doutzen Kroes skitteret op show fan Victoria's Secret

03 des 2014 - 10:42

Frysk topmodel Doutzen Kroes skittere tiisdeietejûn op de catwalk by de jierlikse moadeshow fan linzjerymerk Victoria's Secret. Mei Doutzen rûnen noch fjouwer Nederlânske modellen yn London mei. Doutzen is lykwols wol it wichtichste topmodel ûnder de Nederlanners. Sy hat as iennige de wichtige titel fan 'Angel'.

It Amerikaanske merk besiket alle jierren in wier evenemint te meitsjen fan de moadeshow. Der wienen ek optredens fan Taylor Swift en Ed Sheeran te sjen. De show is 15 desimber op de Nederlânske televyzje te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)