Waad- en Noardseegemeenten wurkje gear

03 des 2014 - 10:36
  • De Waadsee by Skiermûntseach

Trettjin kustgemeenten komme mei mienskiplik belied foar it brûken fan de Waad- en Noardsee. It giet dêrby ûnder oare om it regeljen fan lokale gebrûken as it stekken fan pieren, mar ek om it herstel fan âlde kwelders en geulen. Under oare de eilannen, Harns en Ferwerderadiel hearre by de trettjin gemeenten.

De nije regeling is noch net yn wurking, der kin fan woansdei ôf earst noch op ynsprutsen wurde.

Súdwest-Fryslân, Frjentsjerteradiel, Den Helder en De Marne dogge noch net mei, mar boargemaster Schadd-de Boer fan Flylân hopet dat dat op termyn feroaret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)