Noarder- en Suderpier yn Harns no fan Wetterskip

© Omrop Fryslân, Geale Groen
Wetterskip Fryslân is eigener wurden fan de Noarder- en Suderpier yn Harns. De organisaasje hat de pieren oernaam fan de gemeente. Dy jout in miljoen euro ta foar it ûnderhâld yn de kommende jierren.
Earder wienen de twa pieren benammen bedoeld foar de skipfeart, hjoed-de-dei meitsje se diel út fan de primêre wetterkearing. Dêrom is it logysk dat se ûnder it wetterskip falle. De oerdracht wurdt woansdei offisjeel regele.