Earste grutte wedstryd foar Lieuwe Westra is Parys-Nice

Lieuwe Westra © ANP
De earste grutte wedstryd foar hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is takom jier Parys-Nice. Dat skriuwt hy op syn webside. Omdat kopman Vincenzo Nibali foar de Tirreno giet, leit foar Westra it paad iepen foar in moaie prestaasje. De prolooch fan Parys-Nice is sân kilometer. Foar spesjalist Westra lizze hjir seker kânsen.
It hiele foarseizoen stiet yn it teken fan de klassiker. It seizoen begjint fan Westra mei de Tour Down Under. Ek sil hy de rondes fan Katar en Oman ride.
Yn syn twadde seizoen by Astana fielt Westra dat it fertrouwen fan de ploech yn him grut is.